Gearstalling list net netsjes

13 nov 2007 - 12:25

It deistich bestjoer fan CDA-Fryslân is opstapt nei reboelje yn de partij oer de gearstalling fan 'e list foar de steateferkiezings. Neffens Ad van der Ham fan de steatefraksje fine guon CDA'ers dat de kandidaatstelling foar de list en de gearstalling fan it programma net netsjes ferrûn is.

Nei oanlieding fan de krityk hat in kommisje de gong fan saken ûndersocht. Op basis fan de konklúzjes fan dit ûndersyk is it bestjoer opstapt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)