Aksje skoalbern tsjin lesnoarm

13 nov 2007 - 12:02

Learlingen fan skoallemienskip OSG Sevenwolden op it Hearrenfean hawwe tiisdei aksjefierd tsjin de ferplichte noarm fan 1040 lesoeren. Dy noarm smyt ekstra lesoeren op dy't net altiten like goed bestege wurde, fynt alteast it Laks, it Landelijk Aktie Komitee Scholieren.

By wize fan aksje diskusiearren alle learlingen 1040 sekonden lang oan 'e hân fan stellingen oer it ferplichte oantal lesoeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)