Jonges bekenne mear misdieden

13 nov 2007 - 11:12

De jonges dy't yn it wykein op it Hearrenfean in jonkje (12) mishannele ha, binne ek ferantwurdlik foar noch in mishanneling en 15 gefallen fan fernieling. Twa jonges hiene de jonge fan syn fyts lutsen en skopt en slein. In tredden naaide út mei de fyts.

De plysje hat de jonges oppakt en doe waard dúdlik dat se alris earder in man fan 64 mishannele hiene en guod fernield ha. De skea wurdt rûsd op tsientûzenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)