Suvelkonsern wreidet út

13 nov 2007 - 10:41

Friesland Foods hat syn fabryk yn Warkum útwreide. Der is in ôfdieling boud dy't grûnstoffen makket foar baby-iten en suvelprodukten as yoghurtdranken. De fraach nei sokke grûnstoffen nimt wrâldwiid ta.

De ferbou fan it fabryk hat seis miljoen euro koste. Earder waard al 30 miljoen stutsen yn it ferbetterjen fan it tsiisfabryk dat Friesland Foods al yn Warkum hie. By it fabryk wurkje 150 minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)