Eigner betinkt motorstellerij

13 nov 2007 - 10:12

De stellerij fan twa selsbou-motors is betocht troch de eigner. Ferline wike hie de man by de plysje oanjefte dien fan de stellerij fan twa djoere Harley Davidsons. Se binne 80.000 euro wurdich.

In tipjouwer hie der fia de media fan heard. Hy hie by in bedriuw yn Heech besinetanks, frames en spatbuorden lizzen sjoen. De plysje hat de eigner heard en in proses ferbaal jûn fanwege it dwaan fan in falske oanjefte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)