Afonso Alves blessearre

13 nov 2007 - 09:56
  • Alves kin net foar syn nasjonale alvetal spylje

Afonso Alves is net beskikber foar de ynterlânwedstriden tsjin Peru en Uruguay. De Brazyljaanske spits fan sc Hearrenfean hat in blessuere oan de achillespees oerhâlden oan de wedstriid tsjin Vitesse. Yn plak fan Alves is no Luis Fabiano fan Sevilla oproppen. Alves is moandei wol ôfreizge nei Brazilië.

Direkteur Kuiper fan Hearrenfean giet der fan út dat Alves earder wer weromkomt, no't hy blessearre is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)