Bestjoer CDA-Fryslân stapt op

Pé Miedema
It deistich bestjoer fan CDA Fryslân stelt har funksje ter beskikking. De oanlieding is in yntern ûndersyk fan it algemien bestjoer fan it Fryske CDA nei de proseduere om de steateferkiezings hinne. It algemien bestjoer respektearret it beslút fan it deistich bestjoer om op te stappen.
It algemien bestjoer sil woansdei iepening fan saken jaan op in besletten ledegearkomste. Oant dy tiid jout dit bestjoer gjin taljochting.