Vadeko yn heale finale

De Vadeko Flyers hiene net al te folle muoite mei Amsterdam (foto Martin de Jong)
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers spylje de earste wedstryd fan de heale finale fan de bekerkompetysje op freed 23 novimber yn Den Haach. Twa dagen letter is de thúswedstryd yn de iishal fan Ljouwert. De winner oer twa wedstriden giet nei de finale.
De Flyers pleatsten har ôfrûne sneon foar de heale finale troch in 6-1 oerwinning op Amsterdam.