FrouckjeState bêste restaurant

12 nov 2007 - 17:25
  • Frouckje State is bêste restaurant fan Fryslân

Restaurant Frouckje State yn Ryptsjerk is it bêste restaurant fan Fryslân. Dat seit it tydskrift Lekker. Dat komt alle jierren mei in Top 100 fan bêste restaurants. Frouckje State stiet op numer 57, dat is 16 plakken heger as ferline jier.

Restaurant De Heeren van Harinxma, ûnderdiel fan Lauswolt, stie ferline jier op plak 60. Dat is dit jier ek sa. Restaurant De Koriander yn Drachten is fan de list ferdwûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)