Klachten oer brânstofprizen

12 nov 2007 - 12:56

De prizen fan brânstof ha sûnt de oaljekrisis yn de jierren '70 net sa heech west. Foar in liter Euro95 moat 1.52 euro betelle wurde en foar disel sawat 1.25 euro. In grut diel derfan giet nei de skatkiste fan it Ryk. Transportbedriuwen en konsuminten kleie oer de hege prizen.

De BOVAG, de brânzje-organisaasje foar de autosektor, dielt posters út oan pomphâlders om út te lizzen hoe't de priisopbou is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)