Abraham ferlit Aris

12 nov 2007 - 11:57
  • Abraham (yn it wyt) ferlit Aris

Basketballer Dennard Abraham ferlit Aris. De forward (23) giet fanwege privee-redenen werom nei Amearika. Tiisdei spilet er syn lêste wedstriid thús tsjin Rotterdam. Oant no ta kaam Abraham net in soad oan spyljen ta. Meastentiids kaam er net fierder as tsien oant tweintich minuten. Aris besiket gau in ferfanger te finen.

Nei Rik van der Nes is Abraham de twadde spiler dy't dit seizoen de klub ferlit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)