Rêst foar Geert Arend Roorda

12 nov 2007 - 10:56

Middenfjilder Geert Arend Roorda fan de Sportclub Hearrenfean hat ôfsein foar de ynterlân dy't jong Oranje freedtejûn spilet tsjin jong Masedoanië. Snein foel Roorda yn de wedstriid tsjin Vitesse nei in kertier út mei in knibbelblessuere.

In MRI-scan moat noch útwize hoe grut de skea oan de rjochterknibbel is. Oer fjirtjin dagen yn de thúswedstriid tsjin De Graafschap hopet Geert Arend Roorda wer klear te wêzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)