Frou op A32 ferûngelokke

12 nov 2007 - 09:45

In frou (24) út Ljouwert is sneintejûn om it libben kaam by in ûngelok op de A32. It slachtoffer rekke tusken Wurdum en de ôfslach Snits mei de auto fan de dyk. Se kaam yn de boskjes stil te stean.

De frou is dêrnei nei alle gedachten op de sneldyk stean gien om oare bestjoerders dúdlik te meitsjen dat se help nedich hie. In bestjoerder (37) út Snits koe har net mear ûntwike en skepte har.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)