Nij ûnderkommen Goederenbank

12 nov 2007 - 07:24

De Ljouwerter Goederenbank hat opnij in oar ûnderkommen. De bank ferhuze in healjier lyn nei de Rembrandtstraat, mar hat no in ûnderkommen socht oan de Ampèrestraat. Dêr hat de bank ûnder oare ferkeaphallen, wurkpleatsen, in restaurant en leslokaal.

It gebou wurdt yn desimber offisjeel iepene, mar wurdt al brûkt. By de goederenbank kinne minsken mei in leech ynkommen fergees saken as in televyzje of waskmasine helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)