Mear besikers filmfestival

It Noordelijk Film Festival hat in rekordtal besikers lutsen. Der kamen sa'n 30.000 minsken nei de foarstellings. Dat binne der 3.000 mear as ferline jier. It krekte tal besikers moat noch berekkene wurde.
By de slotfoarstelling snein waarden ek prizen útrikt. De Tsjechyske film 'Empties' wûn de publykspriis. De sjuery fûn de Sweedske film 'Falkenberg Farewell' it moaist. Dy film wûn dêrmei de Matad'or.