Winst crossrinner Van Lunzen

© Omrop Fryslân
Remon van Lunzen út Ljouwert hat snein yn syn wenplak de earste wedstriid fan it Fryske crosscircuit wûn. Yn de drek fan de Froskepôle kaam hy nei tsien kilometer as earste oer de streek. Gerrit Kramer fan Boalsert kaam op 1 minút 14 as twadde binnen.
Maaike Hornstra fan Jelsum wûn de fjouwer kilometer foar froulju. Op njoggen tellen waard Yvonne Kassenberg fan Burgum twadde.