F16's ûnderskeppe helikopter

11 nov 2007 - 15:49

Twa F16's fan de fleanbasis Ljouwert ha snein in helikopter ûnderskept boppe Brabân. Se binne dêrby troch de lûdsbarriêre gean. De saneamde quik reaction alert wie nedich omdat de helikopterpiloat him net melden hie fia de radio. Dat is ferplichte op it momint dat it fleantúch yn it Nederlânske loftrom is.

De helikopter is landen yn de omkriten fan Bergen op Zoom. De F16's binne dêrnei werom flein nei Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)