'Spesjale regelingen brûke'

11 nov 2007 - 14:58

Minsken mei in minimumynkommen yn Opsterlân moatte mear gebrûk meitsje fan de spesjale regelingen dy't der foar har binne. De gemeente sil dêr de kommende jierren by harren op oantrune.

It docht bliken dat minsken dy't mar in bytsje jild hawwe, faak net by de gemeente oanklopje foar fergoedingen. Om de minsken op dy mooglikheden te wizen, sil Opsterlân har oanskriuwe of sels by harren op besite gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)