Wapenfynst yn Snits
De plysje hat yn in hûs yn Snits in pistoal en hûnderten stiks munysje fûn. De eigner, in man fan 52 jier is oanhâlden en meinaam nei it buro. It wapen en de kûgels binne yn beslachnaam.
De fertochte wurdt moandei foarlaat oan de offisier fan justysje.