Daniëls wint Marderhoekloop

© Omrop Fryslân
Robert Daniëls út Baarn hat sneon mei oermacht de Marderhoekloop yn Aldemardum wûn. Hy rûn de tsien Ingelske mijlen yn in tiid fan 55 minuten en 59 sekonden. Op fjouwer minuten kaam Saco Hemstra fan Weidum oer de streek.Jan Boonstra fan Snits waard tredde.
By de froulju wûn Janneke Noorlander út Snits yn in tiid fan 1.16,22. Anneke de Boer út Nylân waard twadde.