Festival Fryske muzykbûnen
Fryske muzykbûnen hawwe sneon foar it earst mei inoar in festival hâlden. Dat wie yn de Lawei yn Drachten. Der diene mear as 1.100 muzikanten oan mei.
By it konkoersdiel waard fanfare 'Joost Wiersma' fan Jistrum earste. Twadde waard E.M.M. út Aldegea Wymbritseradiel. Beide orkesten kamen út yn de earste divyzje. As tredde einige 'Ons Genoegen' fan Marsum.