Bertebeammen Gaasterlân-Sleat

© Omrop Fryslân
Yn Gaasterlân-Sleat binne sneon 77 bertebeammen útrikt. Dat waard dien troch leden fan it gemeentebestjoer, amtners en riedsleden.
De bertebeammen wurde sûnt 1980 alle jierren útrikt, oan de âlders dy't in poppe krigen hawwe. De âlden kinne dan sels kieze wat foar beam as se hawwe wolle. Fan't jier binne der 109 âlden oanskreaun troch de gemeente, dêrfan hawwe dus 77 reagearre.