Frou ferwûne by ûngelok

11 nov 2007 - 12:15

Op de Boekhorst by Langedike is in frou út Nijmegen ferwûne rekke by in oanriding. Se soe in trekker ynhelje, mar kaam dêrby yn de berm terjochte. Se botste tsjin in ferkearsboerd en in beam oan en dêrtroch makke har auto in draai fan 180 graden. Dêrnei botste se ek noch tsjin in oare auto oan.

De frou út Nijmegen is nei it sikehûs yn Drachten brocht. De auto's moasten fuortsleept wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)