Sven Kramer wrâldrekord kwyt

Kramer is syn wrâldrekord op de 1500 meter kwyt...
Sven Kramer ferspile by it reedriden om de wrâldbeker op de 5 kilometer yn Salt Lake City syn wrâldrekord oan de Italjaan Enrico Fabris. Kramer ferbettere sels syn eigen toptiid krekt net. Syn 6.07,52 wie mar fjouwer hûndertste boppe syn eigen rekord.
Fabris dûkte yn de rit dêrnei wol ûnder de tiid dy't Sven Kramer yn maart fan dit jier yn Calgary delsetten hie. Fabris kaam út op 6.07,40: in nij wrâldrekord!