Winst Stroetinga en Sterk

10 nov 2007 - 22:08
  • Maria Sterk wûn al wer har tredde maraton (foto Martin de Jong)

Maratonreedrider Arjan Stoetinga fan Aldeberkeap hat sneontejûn yn Den Haach de sechde wedstriid om de KNSB Cup wûn. Hy wie de rapste fan in kopgroep en pakte syn tredde oerwinning. Klassemintslieder Bob de Vries fan De Haule waard twadde, Douwe de Vries fan It Hearrenfean fjirde.

Maria Sterk fan Hallum wûn foar de tredde kear by de froulju. Sterk bliuwt liedster fan it klassemint foar Elma de Vries fan De Haule.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)