Goud Epke Zonderland op rek

Goud yn Glasgow foar Epke Zonderland. Foto: Fotopersburo Martin de Jong
Epke Zonderland fan De Lemmer hat sneon by de wrâldbekerwedstriden turnjen yn Glasgow goud helle op de rekstôk. Boppedat waard hy ek noch fiifde op de brêge. Op it heechrek krige Epke 15.675 punten en dêrmei wie hy gâns better as de Dútsers Roger Weber en Brian Gladow. Yuri van Gelder helle yn Glasgow goud op 'e ringen.