Prate oer Polderhoofdkanaal

it Polderhoofdkanaal
Trije steatefraksjes hawwe har sneon op de hichte stelle litten fan de stân fan saken fan it Polderhoofdkanaal by Nij Beets. Ek riedsleden út Opsterlân en Smellingerlân skoden oan. Der wiene sawat 40 politisy fan CDA, PvdA en CU. Se hawwe by it kanaal sjoen en praat mei de ynwenners fan Nij Beets. Der is in soad entûsjasme foar weriepening.
It wurk oan it kanaal is stillein troch de rjochter. De polityk kin dêr net folle oan feroarje.