Sicko mei rêdingsboat nei wâl

10 nov 2007 - 15:00
  • Sicko moast mei de rêdingboat nei de wâl brocht wurde

De rêdingsboat fan Skylge hat sneon de film Sicko fan Michael Moore nei Harns brocht. De film wie lizzen bleaun by it filmfestival op Skylge, wylst er ek op it programma stie fan it festival yn Ljouwert. It wie te let om de film mei de gewoane boat mei te jaan. De organisaasje fan it Noordelijk Filmfestival hat dêrom de help fan 'e rêdingsboat ynroppen.

It liket derop dat de film mei in kertierke fertraging begjint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)