Mei de auto yn de sleat

10 nov 2007 - 14:18

In man út Wyns is freed yn syn wenplak ferwûne rekke by in ûngelok. De man moast útwike foar in tsjinlizzer en bedarre mei syn auto yn de sleat. Doe't de helptsjinsten te plak kamen, seagen se in frou op it dak fan de auto sitten. Se hâlde de holle fan it slachtoffer boppe wetter.

De man is troch de brânwacht út de auto helle en mei in in stikkene skouderbonke en kniesde ribben nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)