Oanhâldings by drugskontrôle

10 nov 2007 - 14:16

De plysje hat tongersdei op it Wilhelminaplein yn Ljouwert by in kontrôle op harddrugs seis minsken oanhâlden. Reden foar de kontrole-aksje wiene klachten fan winkellju. Se hiene lêst fan in grutte groep minsken dy't oan it dealen wie. Fjouwer fertochten waarden oanhâlden omdat se drugs lykas kokaïne, heroïne en XTC by har hiene.

In oare man hie noch 35 dagen selstraf stean en in oar hie in mes by him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)