Op de âlde wize sûkereidolle

It nije iepenloftmuseum fan Damwâld krijt in promoasjefilm dy't sneon yn Hoarnstersweach opnommen is. De toanielspilers út Damwâld en Broeksterwâld moasten dêrby sûkereidolle. Se hiene 19e-ieuske arbeidersklean oan en se brûkten ek ark út dy tiid. It ploegen en siedzjen is al earder opnommen.
Sûkerei waard foar de oarloch op in soad plakken yn de Wâlden ferboud en krijt dêrom in plak yn it museum.