Supporters wachtsje spilers op

10 nov 2007 - 12:17

Sa'n 40 lulke Cambuursupporters wachten freedtejûn de spilersbus by it stadion op nei de útwedstryd tsjin Swolle. Cambuur spile yn Swolle striemin en ferlear mei 4-1. De measte supporters hawwe de twadde helte net sjoen; yn it skoft fan de wedstryd binne se yn de bus stapt en werom riden nei Ljouwert.

Der wachten sy op de spilersbus fan Cambuur. Fia sprekkoaren lieten se blike dat se swier ûntefreden wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)