Grutte skea troch blautonge

10 nov 2007 - 11:11
  • De knut, it ynsekt dat de feesykte Blautonge oerbringt

De skea troch de feesykte blautonge wurdt lanlik oant no ta rûsd op 81 miljoen euro. Skiephâlders ha de measte skea. Dat komt trochdat bisten deagean, en troch mindere molke- en fleisproduksje. Dêr komme ek noch de kosten by foar it behanneljen fan sike bisten en de legere opbringst trochdat feetransporten stillein ha.

It tal gefallen fan blautonge groeit noch hieltiten. Yn Fryslân falt dat noch ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)