Sven Kramer 6e op 1500 meter

© Omrop Fryslân
Sven Kramer is by de wrâldbeker-wedstriden yn Salt Lake City as sechsde einige op de 1500 meter. Hy ried in persoanlik rekord: 1.43,99. Syn ploechmaat Erben Wennemars wie de bêste, yn 1.42,32. Dy tiid betsjutte in nij wrâldrekord. Dat rekord moat hy no diele mei Shani Davis. Dy ried yn maart dit jier deselde tiid yn Calgary.
Marrit Leenstra fan Wikel ried op de 1000 meter ek in persoanlik rekord. Mei in minne krusing waard it 1.16,99.