Kânsleas ferlies foar Cambuur

09 nov 2007 - 22:11

Sportclub Cambuur hat freedtejûn kânsleas mei 4-1 ferlern fan FC Zwolle. By it skoft stiene de Ljouwerters al mei 4-0 achter. Erik Bakker, Anton Jongsma (twa kear) en Marcel Kleizer soargen foar de goals. Koen Brack skoarde foar Cambuur.

Yn de twadde helte ferlieten de Cambuur-supporters it stadion. Se koene it minne spul fan harren ploech net mear oansjen. Cambuur stiet no op it 16e plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)