Utstalling oer Titia Bergsma

09 nov 2007 - 21:49

Yn museum Princessehof yn Ljouwert wurdt sneon in útstalling iepene oer Titia Bergsma. Bergsma waard berne yn Ljouwert en is bysûnder omt se yn 1817 as earste westerse frou foet oan wâl sette op Desima yn Japan. Nei trije moanne waard se fuortstjoerd omdat froulju dêr net wêze mochten.

Japanske keunstners wiene sa ûnder de yndruk fan Titia Bergsma dat se har faak portetteard ha. Se stiet sa'n fjouwer miljoen kear op porselein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)