Gouden plaat foar Laverman

Nynke Laverman mei de gouden cd
Fan de cd Sielesâlt fan Nynke Laverman binne mear as 35.000 eksimplaren ferkocht. Dêrmei hat de plaat de gouden status. Laverman is de tredde Fryske artyst mei in gouden plaat. De Kast en Twarres giene har foar. Twarres helle sels platina.
De gouden CD waard freedtejûn útrikt op it filmfestival fan Ljouwert. Dêr gie de dokumintêre oer de lêste foarstelling fan Nynke Laverman, de Maisfrou, yn premjêre.