Twa ton foar projekt Ljouwert

© Omrop Fryslân
De stifting Hulp en Welzijn Leeuwarden krijt hast twa ton subsydzje fan it Ryk. It jild is bedoeld om it projekt 'Ruimte voor Contact' yn de stêd út te fieren. Doel is om autochtoanen en allochtoanen mei elkoar yn kontakt te bringen.
Wykbewenners wurdt frege om aktiviteiten op te setten wêrby't minsken elkoar treffe kinne. Mei it jild kinne ekstra minsken ynhierd wurde foar it projekt.