Ieuwenâlde katalogus werom
406 jier nei't er makke is, is er werom yn Fryslân: de alderearste katalogus fan de Frjentsjerter Universiteitsbibleteek. Sis mar de ynfentarislist fan de boeken dy't yn 1601 yn de bibleteek stiene.
It giet wol om in fotokopy, want de orizjinele katalogus is yn Parys. Dêr dûkte er koartlyn op.