Net in soad skea troch stoarm

De Koegelwieck fart oer de rûge see
De stoarm fan freedtemoarn hat sa't it no liket net foar in hiel soad skea soarge yn Fryslân. Wol ha de dunen op de waadeilannen der flink fan te lijen hân. De strânoergongen op de eilannen lizze der ek hielendal út, seit Rykswettersteat. Freedtemiddei wurdt de skea opnaam en wurde de strânoergongen provisoarysk wersteld.
De measte fearboaten farre wer neffens de tsjinstregeling. Earder koe dat net omdat de pieren ûnderstrûpt wiene.