Jong-A-Pin wer yn Jong Oranje

09 nov 2007 - 13:42

Hearrenfean-back Calvin Jong-A-Pin is troch bûnscoach Foppe de Haan selektearre foar de wedstriid tsjin Masedoanië fan nije wike freed. De lêste wedstriid mei Jong Oranje moast de ferdigener misse fanwege in blessuere. Mar hy is wer werom; ferline wike spile hy PSV-spits Jefferson Farfan út de wedstriid.

Oare Hearrenfean-spilers yn de seleksje binne Gianni Zuiverloon, Roy Beerens en Geert-Arend Roorda.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)