Hazzen omkaam op Noarderleech

09 nov 2007 - 12:28

Nei alle gedachten binne freedtemoarn grutte oantallen hazzen en mûzen omkommen op it Noarderleech. Yn minder as in oere tiid is it bûtendyks lân by Hallum hielendal ûnder wetter rûn.

Troch it hege wetter en de hurde wyn koe de simmerdyk it net langer hâlde. Ferline jier barde dat ek al, doe stiene der noch 180 hynders. No wie al it fee op it lêste momint noch fuorthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)