Fuotbalklubs krije jild

09 nov 2007 - 10:53

Twa fuotbalklubs yn Dongeradiel krije jild fan de gemeente. Ropta Boys út Mitselwier krijt mei inoar hast in kwart miljoen euro. Dêrmei en mei jild dat de klub sels by elkoar bringt, kin de akkomodaasje oanpast wurde. No kin net iens de helte fan alle leden dûsje nei in wedstriid, wylst it fuotbalbûn KNVB dat wol ferplicht steld hat.

VV Dokkum krijt ek jild, om it fuotbalfjild op te knappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)