Harley Davidsons stellen
Ut in garaazjeboks oan it Syl yn Terherne binne twa motors stellen. It giet om twa sels-boude Harley Davidson motors.
De dieven ha de doar fan de garaazje nei alle gedachten mei in falske kaai iepenkrigen. Hoe grut de skea is, is net bekend.