Sult wint Van der Zeepriis
Yn de âlde gersdroegerij fan Harich is tongersdei de Pyt van der Zeepriis foar amateurtoaniel útrikt oan teatergroep Sult. Sult stiet foar Súdwesthoeke lokaasje teater.
De priis fan twatúzen euro wurdt ien kear yn de trije jier takend oan in persoan, groep of organisaasje dy't wat te krijen hat mei amateurtoaniel.