45 konteners te wetter rekke

09 nov 2007 - 10:02

Op de Noardsee boppe de Waadeilannen binne freedtemoarn betiid 45 konteners fan in skip fallen. It giet om it skip Antares. Neffens de kapitein binne de konteners leech. Se driuwe yn de rjochting fan it Amelân en Skiermûntseach.

De Kustwacht sil sa gau mooglik in flucht boppe de Noardsee dwaan, om te sjen wêr't de konteners krekt binne. Mooglik wurde se letter ek noch út see helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)