Stoarm oer hichtepunt hinne

09 nov 2007 - 09:58
  • De Willemskade yn Harns stiet ûnder wetter (foto fan Bianca út Harns)
  • Harns. Foto makke troch Jelly de Vries út Boalsert.

De stoarm fan de tongersdeitenacht is oer syn hichtepunt hinne. De gefolgen lykje ta te fallen en it wetter sakket wer. Op Flylân waard as heechste punt 3,06 meter mjitten. By Harns waard sa'n 3,50 meter mjitten, dat is 30 sentimeter boppe it alarmpeil.

Op alle Waadeilannen stiet de pier ûnder wetter en op Flylân en Skylge moasten der sânsekken oan te pas komme om de huzen bûtendyks te beskermjen. De dunen op de eilannen ha skea oprûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)