Pier Amelân ek ûnder wetter
De pier op it Amelân is freedtemoarn ek ûnderrûn yn ferbân mei de stoarm en it hege wetterpeil.
Ut foarsoarch binne alle auto's tongersdei al fuorthelle. Fierders is it rêstich op it Amelân, mar der binne dan op it eilân ek gjin wenningen bûtendyks. Sânsekken binne dus net nedich. De hurde wyn hat al wol skea oanbrocht oan de dunen.