Frisia wol omwenners belûke

Frisia-baas Durk van Tuinen
It bedriuw Frisia Sâlt yn Harns wol omwenners tenei mear by syn plannen belûke. Se dogge dat omdat minsken yn 't ferline in soad wjerstân tsjin de plannen fan Frisia Sâlt hie.
Elkenien dy't nijsgjirrich is nei de plannen fan Frisia Sâlt kin him tongersdeitejûn yn Harns en freed yn Sint Anne ynformearje litte. Frisia wol tenei alle jieren sokke gearkomsten hâlde.