Bananen dochs ferneatige

© Omrop Fryslân
It grutste diel fan de bananen dy't woansdei en tongersdei oanspield binne op Skylge, wurdt dochs ferneatige.
Earder wie it plan om de bananen oan de dieretún yn Emmen te jaan, mar dat blykt net samar te kinnen. Der moatte dan ynfierrjochten oer betelle wurde. De gemeente hat dêr in kompromis oer slute kinnen mei de douane, mar allinnich foar ien oanhinger fol mei bananen. De oare bananen sille opromme en ferneatige wurde.